Alde tsjerkeklok werom op Skylge

13 jan 2003 - 00:00

In brûnzen tsjerkeklok fan fiif ieuwen âld komt nei goed 120 jier werom nei Skylge. De klok waard yn 1512 getten foar de herfoarme tsjerke fan Midslân en die dêr goed trije ieuwen tsjinst. Doe't de tsjerke yn 1880 ôfbrutsen waard, ferhuze de klok nei Schagen. It tsjerkebestjoer fan east-Skylge is der yn slagge de klok werom te keapjen.

De klok is mei syn 509 kilo te swier foar de hjoeddeistige tsjerke fan Midslân en krijt dêrom in oar plakje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)