Gerald Sibon nei Hearrenfean

13 jan 2003 - 00:00

Fuotballer Gerald Sibon (28) spilet per direkt foar SC Hearrenfean, foar trijeëninheal jier. Dat binne spiler en club moandei oerienkaam. Earder op de dei melde de Ingelske krante Daily Mail al dat Sibon nei Hearrenfean gean soe.

Sibon spile de lêste jierren yn Ingelân, foar Sheffield Wednesday. Dêr wie er de lêste tiid goed op dreef. Hy skoarde fjouwer kear yn fjouwer wedstriden. Yn Nederlân spile Sibon foar FC Twente, VVV, Roda JC en Ajax.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)