De Vriesen bêste Friezen

© Omrop Fryslân
Peter de Vries fan Oranjewâld is snein twadde wurden by de nijjiersmaraton reedriden yn Thialf. It tredde plak wie foar Jeroen de Vries fan Sint Niek. De manlju sieten yn in kopgroep fan alve man. De einsprint waard wûn troch Yoeri Lissenberg.
Bert-Jan van der Veen stiet no tredde yn it klassemint. De Frânsman Cedric Michaud waard tolfde en bliuwt dêrmei lieder yn it klassemint. De maraton wie útsteld fanwege it EK Allround.