Trije brannen yn wenhuzen

12 jan 2003 - 00:00

Yn trije wenten op ferskate plakken yn Fryslân is yn de nacht fan sneon op snein brân útbrutsen. Dat barde yn Burgum, De Falom en Drachten. Yn alle gefallen wiene der gjin slachtoffers.

Yn Burgum gie in wenhûs mei in reiten tek yn flammen op. Yn Drachten moast de brânwacht yn aksje komme by in brân oan it Van Knobelsdorfsplein. De tredde brân wie oan de Hogewal yn De Falom. Dêr kamen metershege flammen út it dak. De brânwacht hat de brannen dwêste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)