Van der Veen twad yn maraton

© Omrop Fryslân
Bertjan van der Veen fan De Jouwer is sneon yn Gieten twadde wurden by in maraton op natueriis. Henk Angenent, winner fan de lêste Alvestêdetocht, gie as earste oer de streep. De Amerikaan KC Boutiette, dy't in pear jier lyn in soad maratons wûn, die ek wer fan him sprekken: hy waard tredde.
By de froulju gie Daniëlle Bekkering as earste oer de streep. Verdouw en Van Benthem waarden twadde en tredde.