Frachtauto raamt hûs yn Gytsjerk

11 jan 2003 - 00:00

In frachtauto út Swifterbant yn 'e polder hat freedtejûn it wenhûs fan 'e famylje Van der Lei yn Gytsjerk raamt. De 43-jierrige sjauffeur ferlear de macht oer it stjoer, mooglik troch in technysk mankemint. De frachtauto kaam ta stilstân tsjin de sydkant fan it hûs oan de Sjoerdastrjitte. De bewenners sieten doe oan 'e snert.

Yn 'e muorren fan it hûs sitte no ferskate grutte skuorren. Persoanlike ûngelokken diene him net foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)