Ndiaga Samb wint damtoernoai

11 jan 2003 - 00:00

De Senegalees Ndiaga_Samb hat freed yn Ljouwert it jubileumtoernoai fan it Fryske dambûn wûn. Samb fersloech yn ´e lêste twa ronden Auke_Scholma en Tjalling_Goedemoed en kaam út op 11 punten. Guntis_Valneris fan Letlân waard twadde mei 7 punten, Auke_Scholma waard tredde.

De oare spilers yn ´e finalegroep wiene Foeke_Tiemensma, Gabriël_Heerema en Tjalling_Goedemoed. It toernoai waard hâlden fanwege it 75-jierrich jubileum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)