Kast-sjonger falt goed by fans

10 jan 2003 - 00:00

De fans fan popgroep De Kast binne wiis mei de nije sjonger Jan Tekstra. Neffens de fans sil it wol even wennen wêze, mar is Tekstra in goede kar. Ek op de website fan De Kast oerhearskje de positive lûden.

By it brede publyk is Tekstra net botte bekend. Tongersdei waard dúdlik dat hy Syb van der Ploeg opfolget. Tekstra skreau nûmers foar ûnder mear Borsato en hat in solo-karriêre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)