Iepenloftspul Burgum giet troch

10 jan 2003 - 00:00

It iepenloftspul fan Burgum kin trochgean. It evenemint stie faai, om't der yn juny tefolle te dwaan wie yn de omkriten. Benammen 21 juny wie in probleem. Dan is Wâldrock en soe der tefolle lûdsoerlêst wêze.

It iepenloftspul fan de 21'e juny is no ferpleatst nei de 17'e. In wike earder is op deselde dei as de toanielfoarstelling it Ynternasjonale Skots- en Dûnsfestival. Dat hâldt no earder op fanwege it iepenloftspul.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)