Wedstriid Jong H'fean ferpleatst

© Omrop Fryslân
De wedstriid tusken Jong Hearrefean en amateurhaadklasser ACV wurdt moarn net yn Surhústerfean mar yn Assen spile. It begjint om 14.00 oere en is op it terrein fan de VV Leo. Earst soe it duel op it keunstgers fan Surhústerfean wêze, mar ACV hie sels al in terrein regele.
Cambuur oefent sneontemiddei wol yn Surhústerfean. Sneonshaadklasser VVOG is de tsjinstaner. De wedstriid begjint om healwei fjouweren.