Dûse wylst der brân is

10 jan 2003 - 00:00

De brânwacht fan Menameradiel hat tongersdei in útslaande wenningbrân blust. Dat barde oan de Hôfsleane yn Menaam. De bewenster kaam ûnder de dûsj wei, doe't se reek seach. De brân wie doe al in skoftsje oan de gong.

De brânwacht slagge der hiel gau yn om it fjoer út te meitsjen. Dat kaam ek trochdat de brânwacht yn Menaam beskikke kin oer in ynfra-read-kamera. Dy kin it fjoer hiel gau lokalisearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)