Maraton Haulerwyk giet net troch

10 jan 2003 - 00:00

It Frysk Kampioenskip Maraton op natueriis, dat freedtejûn holden wurde soe yn Haulerwyk, giet net troch. Op de 400-meter-baan yn Haulerwyk leit njoggen sentimeter iis. Om de wedstriid trochgean te litten moat der tsien sintimeter lizze.

Troch de snie en minder strange froast as foarsjoen, leit der te min iis. Sadwaande hat de organisaasje besletten de marathon oergean te litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)