Fryxos wol Bush 'ferlamje'

© Omrop Fryslân
Deaden betinke dy't noch falle moatte. Dat is wat de Fryske keunstnersgroep Fryxos dwaan sil út ûnfrede mei de driigjende oarloch yn Irak. It protest is benammen rjochte tsjin de Amerikaanske presidint Bush.
De betinking sil freed wêze op it tsjerkhôf fan Huzum Doarp (Ljouwert). Om 19.27 oere tinke alle oanwêzigen itselde en wurdt it boadskip fia 'telepaty' nei Bush oerstjoerd. Ek net-keunstners kinne meidwaan.