Winst foar Formido Flyers

© Omrop Fryslân
De Formido Flyers ha woansdei wûn fan de Tilburg Trappers mei 6-5. Nei in goed begjin dêr't de Fryske iishockyers mei 2-0 foar stienen, bruts in rommelige faze oan. De Flyers makken tefolle flaters en sa kamen de Brabanners wer yn de wedstriid.
De 4-5 achterstân waard yn de lêste pear minuten fan it spul noch ombûgd yn winst foar de Friezen. De perioadestannen wienen 2-2, 2-2 en 2-1.