Asylsikers geane net fuort

09 jan 2003 - 00:00

Op It Amelân binne noch santich asylsikers, wylst de opfang ticht giet. Meiwurkers fan it COA freegje se mei klam om út de opfang op it eilân te gean. De oerbleaune asylsikers ha twa kânsen om fuort te gean foarby gean litten. Se wolle bliuwe om't de bern it skoaljier op it eilân ôfmeitsje kinne.

As de asylsikers net sels fuortgeane, stapt it COA nei de rjochter. It COA wol de rjochter freegje oft se de opfang ûntromje meie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)