Nijste Bond al op Skier te sjen

© Omrop Fryslân
Skiermûntseach hie de Fryske premiêre fan de nije James Bond film. Yn it doarpshûs fan it eilân wie 'Die another Day' woansdeitenacht om sân minuten nei tolven (007) te sjen. Yn fiif grutte stêden yn Nederlân waard de film om deselde tiid fertoand.
It doarpshûs wie ynrjochte as in echte bioskoopseal. De behearder ferwachte in soad tarin om't neffens him op it eilân in soad leafhawwers fan de legindaryske 'special agent' binne.