Alvestêdetocht yn Kanada?

09 jan 2003 - 00:00

Evert van Benthem, yn Fryslân bekend as twafâldich winner fan de Alvestêdetocht, wol takom jier yn Kanada in alternative 'tocht der tochten' organisearje. De 44-jierrige boer emigrearre trije jier lyn nei Kanada.

As proef hat Van Benthem yn febrewaris in tocht fan 50 kilometer op de Sylvan mar by Calgary organisearre. Takom jier moat der op deselde mar in rûte fan 200 kilometer útset wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)