Unrêst oer stjoermêst

08 jan 2003 - 00:00

Omwenners fan de stjoermêst by Tsjerkgaast binne ûngerêst. Der is in ûngewoan tal syktegefallen yn de buert. De gemeente Skarsterlân hâldt moandei in foarljochtingsbyienkomst om de benaudens del te bêdzjen.

Teoretysk is it net mooglik dat de mêst foar problemen soarget om't it fermogen te lyts is. De byienkomst is yn Sint Nyk om healwei achten yn De Oarsprong. Twa jier lyn hat de gemeente ek al in ynformaasjejûn hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)