Koop Tjuchem krijt put Drachten

08 jan 2003 - 00:00

Oannimmersbedriuw Koop Tjuchem sil de oanlis fan it 30 kilometergebiet yn De Wiken yn Drachten útfiere. Foarich jier wie der in soad krityk op de wegebouwer om't yn de boufraude-enkête bliken die dat Koop priisôfspraken makke hie mei oare oannimmersbedriuwen.

Op de put yn Drachten ha fiif bedriuwen ynskreaun. Koop Tjuchem kaam as leechste út de bus. Wethâlder Pultrum fan Smellingerlân hat alle betrouwen yn de ûnderfining en kennis fan Koop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)