D66 wol gjin sluting fan Thialf

08 jan 2003 - 00:00

De Twadde-Keamerfraksje fan D66 wol dat de steatssekretarissen fan sport en ekonomyske saken foarkomme dat Thialf ticht giet. Fraksjefoarsitter De Graaf wol dat de steatssekretarissen Ross en Wijn mei de skuldeaskers fan Thialf prate oer de finansjele problemen.

It kabinet hat yntusken sein dat in finansjele bydrage fan de ryksoerheid der net yn sit. Neffens De Graaf is de kâns dat Thialf fallyt giet noch hieltyd grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)