Kandidaat-Keamerlid bedrige

08 jan 2003 - 00:00

Kandidaat-Keamerlid Dennis Wiersma fan Lijstratelband.nl wurdt bedrige. De 16-jierrige Wiersma út Frjentsjer stiet santjinde op de kandidatelist fan de partij fan Emile Ratelband. Fia de mail en de tillefoan is er al mei de dea bedrige.

De dieders sizze dat er him net mear útlitte moat oer saken as it asylsikersprobleem. Hy doart jûns net mear allinnich de dyk út mar fynt befeiliging foarearst net nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)