Mear omset foar Poiesz

© Omrop Fryslân
Supermerkkonsern Poiesz hat yn 2002 mear omset makke. Dy groeide mei 18 prosint nei 185 miljoen euro. De keten mei Snits as thúsbasis hat yn it noarden 35 winkels.
Direkteur Smit tankt de groei oan grutte ferbouwingen. Tolve festigingen binne mei 4000 produkten útwreide. It jier derfoar wie dat al mei 9 filialen bard en takom jier steane de lêste tolve op it program. It bedriuw bestiet yn 2003 80 jier en hat 2200 meiwurkers.