Aqua Zoo wol 100.000 besikers

07 jan 2003 - 00:00

Aqua Zoo Friesland, it eardere otterpark Aqualutra, wol it besikerstal ferdûbelje fan 50.000 nei 100.000. De nije eigner Zodiac Zoos wol besykje om mear húshâldings mei bern en âlderein nei de Aqua Zoo te lûken. Yn it bistepark stiet de otter net langer sintraal. Der sille ek nije bisten te sjen wêze, lykas pinguins.

Zodiac Zoos betellet alle fernijings sels. Om hoefolle jild it krekt giet wol it bedriuw net sizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)