Fryske bands op Eurosonic

© Omrop Fryslân
By Eurosonic yn Grins is ek wer in Frysk poadium. Yn De Troubadour steane freed fjouwer bands út Fryslân programmearre. It giet om The Project, Still Nino, Girls On Top en Jah Sound International.
The Project makket noisepop en stie foarich jier yn de finale fan de Kleine Prijs van Sneek. Still Nino makket hardcore. Girls On Top hat in breed skala oan ynfloeden en Jah Sound is in ynternasjonaal bekend reggaesoundsystem.