AVO op It Amelân dochs ticht

© Omrop Fryslân
Der komt gjin permanint azc op It Amelân. De gemeente woe de oanfoljende opfang foar asylsikers iepenhâlde. It COA, sintraal orgaan opfang asylsikers, makke moandei lykwols bekend dat de opfanglokaasjes ticht geane. Dêrmei is der neffens boargemaster Verhoeven gjin draachflak mear foar in permanint azc.
In pear gesinnen yn de opfang wolle net fuort. Se binne lilk oer de sluting. As se net binnen 48 oeren fuort binne, skeakelt it COA in doarwarder yn.