'Taalbelied rêstich opbouwe'

07 jan 2003 - 00:00

It taalbelied Frysk moat rêstich opboud wurde, sûnder ophef en hege pretinsjes. Dat sei CDA-deputearre Jan Ploeg op it nijjiersslokje fan 'e partij. Foar it behâld fan de taal binne goede dosinten en ûnderwiismaterialen nedich.

Ploeg fynt ek dat de Friezen ris goed neitinke moatte oer wat se mei de taal wolle. Om oan it stigma 'taalachterstân' te ûntkommen, moat nei bûten ta mear de klam op twataligens lein wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)