Bijen dea troch Varroa-firus

07 jan 2003 - 00:00

De Carnicabijenfolken op Skiermûntseach binne deagien oan it Varroa-firus. Dat hat in Dútse wittenskipper fêststeld. Yn novimber wiene de bijen ynienen spoarleas. Letter die bliken dat se dea wiene.

Doe waard ek al tocht dat de Varroa-myt de oarsaak wie. Dat is in parasyt dy't meastal goed bestriden wurde kin mei pestisiden. Nei alle gedachten is de myt no resistint wurden tsjin de bestridingsmiddels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)