Gjin skikking Timmer - De Vegt

07 jan 2003 - 00:00

It is Marianne Timmer en trainer Wopke de Vegt fan Beetstersweach net slagge om harren skeel te skikken. Dat die moandei bliken by it Ljouwerter gerjochtshôf. Timmer easket dat De Vegt har 45.000 euro werombetellet.

Timmer moast dat jild fan 'e rjochter oan De Vegt betelje. Neffens De Vegt wie hy troch Timmer ynhierd as trainer, mar hie hy nea salaris krigen. Timmer ûntkent dat sy De Vegt ynhierd hat. De rjochter moat no in útspraak dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)