Rûnwei foarearst net ferdûbele

© Omrop Fryslân
De rûnwei fan Ljouwert wurdt foarearst net ferdûbele. Dat hat it kollege fan B en W besluten. Yn it Gemeentelik Ferkears- en Ferfiersplan stiet dat op lange termyn de berikberens fan de Fryske haadstêd goed wêze moat.
Lykwols, it stik Julianaleane/ Valeriusstrjitte wurdt de kommende fiif oant tsien jier net ferdûbele. Omwenners binne dêrop tsjin. Se hawwe al mear as 3000 hantekenings tsjin de plannen sammele.