'Utkeapjen kokkelders net goed'

07 jan 2003 - 00:00

Steatssekretaris Van Geel fan Miljeu- behear fielt neat foar it plan fan miljeusaakkundige Van Dieren. Dy wol de opbringsten fan gas út de Waadsee brûke foar it útkeapjen fan kokkelfiskers. It is noch te min bekend hokker skea de kokkelfiskerij oanrjochtet. Van Geel is alhiel op de gasboarrings tsjin.

Op dit stuit wurdt ûndersyk dien nei de skea fan de kokkelfiskerij. Van Geel wol de útkomsten dêrfan earst ôfwachtsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)