Grutte oarder foar Jongbloed

06 jan 2003 - 00:00

Utjouwersgroep Jongbloed hat in grutte opdracht binnenhelle. Jongbloed mei 450.00 eksimplaren fan it nije Deenske lieteboek leverje. Dat is de grutste eksport-oarder út de skiednis fan it Hearrenfeanster bedriuw.

Jongbloed set in trijeploegetsjinst yn, om de lieteboeken op 'e tiid leverje te kinnen. It bedriuw hat de opdracht ûnder mear krigen om't it alles yn eigen hûs dwaan kin, fan it drukken oant it binen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)