De Kast siket sjonger en drummer

05 jan 2003 - 00:00

De oerbleaune leden fan popgroep De Kast sykje in nije sjonger en drummer. Dy moatte by foarkar út Fryslân of omkriten komme. Gadingmakkers kinne e-maile nei info@keesbode.nl.

Op 21 desimber wie it ôfskieskonsert fan 'e âlde Kast yn 'e Amsterdam Arena. Frontman Syb van der Ploeg en drummer Nico Oudhuyse hâlden dit wykein in try- out-konsert mei har nije Ingelstalige band Spanner. Dat wie yn muzykkafee De Gloppe yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)