Skuon útdiele yn Kirgizië

05 jan 2003 - 00:00

De militêren fan de Fleanbasis Ljouwert sjogge Kigizië net inkeld as wurkplak, se jouwe ek humanitêre help. Goed fyftich húshâldings binne 'adoptearre' en krije skuon en iten. De tsjinstelling tusken earm en ryk is tige grut yn it lân. Guonts rinne op bleate fuotten yn 'e snie, sadwaande de skuonaksje.

Mei de komst fan de lêste groep, dit wykein, binne de manskippen no kompleet. Se bliuwe dêr oant april.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)