Snie: ferkear hâldt him goed

05 jan 2003 - 00:00

De snie hat sneintemoarn foar net in soad problemen soarge op de Fryske diken. Allinne by Dronryp wie in lyts ûngelokje. Op de measte plakken yn Fryslân is yntusken struid, yn alle gefallen op de trochgeande diken. Neffens de plysje past it ferkear him goed oan oan de snie.

Waarman Pyt Paulusma ferwachtet sneintejûn en -nacht mear snie. Mei lichte froast kin it dan wol glêd wurde as der noch net struid is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)