Ritsma op koers foar medalje

04 jan 2003 - 00:00

Rintje Ritsma is sneon yn Thialf by it EK allround dield fjirde wurden by de 1500 meter. Hy ried 1.49.23 deselde tiid as dy fan Van der Rijst.

De winst op de 1500 wie foar Romme, yn 1.48.35. Dy sloech in grut gat mei de nûmer twa, Lalenkov, en trije, Tuitert. Romme stiet no yn it klassemint op it earste plak. Him kin de titel hast net mear ûntgean. Ritsma stiet tredde, mar hoecht op de tsien kilometer mar 4 sekonden goed te meitsjen op Tuitert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)