Ried komt mei statút taalregels

© Omrop Fryslân
In statút foar it Frysk. Dat wol de Ried fan de Fryske Beweging opstelle. Yn it karbrief komme mooglike taalmaatregels dy't in bedriuw brûke kin om twatalichheid te befoarderjen. It Frysk wurdt neffens de Ried noch te min brûkt yn it iepenbiere libben.
Op it nijjierssûpke fan De Ried binne de plannen foar it statút taljochte. Op 1 febrewaris wurdt der mei begûn. Beriuwen en ynstellingen dy't it hânfêst brûke, krije in sertifikaat.