Fear yn de Broek foar Bernlef

04 jan 2003 - 00:00

Bernlef hat de Fear yn de Broek krigen. De priis fan de Ried fan de Fryske Beweging krije de studinten út Grins foar har film De Kameleon sjocht yn it waar. De Rie wie benammen te sprekken oer de ludike wize wêrop't de Fryske studinteferiening it Frysk ûnder de oandacht brocht hat.

De film wurdt ek yn it Noardfrysk oerset. Mooglik komt der ek in Eastfryske fertaling. Earder krigen de filmmakkers ek al de Fryske parsepriis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)