Gaslek tusken Ychten en Bantegea

© Omrop Fryslân
De wei tusken Ychten en Bantegea is tongersdeitemiddei ôfsletten fanwege in gaslek. De tafier foar in tal twadde húskes komt dêrmei yn gefaar. Neffens enerzjybedriuw Essent is der gjin gefaar foar de folkssûnens, want it giet net om in grut lek.
In oplettende buertbewenner fan 'e Middenweg ûntduts it lek doe't er gasbuollen yn in wetterplasse seach. Mooglik spilet de fersakking fan 'e wei in rol by de oarsaak fan it gaslek.