Bos: mear omtinken foar regio

© Omrop Fryslân
Fryslân kin by de kommende twadde- keamerferkiezings rekkenje op mear omtinken fan de lanlike polityk. Dat sei PvdA-fraksjefoarsitter Wouter Bos tongersdei by in besite oan Ljouwert. De besite wie de start fan syn ferkiezingskampanje.
Bos wol gjin konkrete tasizzings dwaan, mar ien fan syn oandachtspunten is de Heak om Ljouwert. Fernijing en mear omtinken foar de regio binne ek wichtige punten yn it PvdA-program.