Alfde EK foar Rintje Ritsma

02 jan 2003 - 00:00

Earst in goede 500 meter ride en dan mar ris fierder sjen. Dat is de ynstek fan Rintje Ritsma op it EK reedriden dat freed út ein set op It Hearrenfean. Syn konkurrenten sitte benammen yn eigen lân. Romme en Tuitert binne favoryt. Ek de Russen Shepel en Lalenkov kinne hege eagen smite.

Ritsma is tevreden oer it iis fan iismater Butter. "Der sit glyd en der sit ek grip yn". It is Ritsma syn alfde Europeesk kampioenskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)