Publisiteitspriis foar sikehûs

© Omrop Fryslân
De publisiteitspriis fan de gemeente Snits is wûn troch it Sint Anthonius sikehûs. Dat kaam yn septimber yn in ûndersyk fan wykblêd Elsevier út de bus as bêste sikehûs fan Nederlân. De priis is foar in persoan of ynstelling dy't Snits yn it lanlike nijs brocht hat.
Der ienmalige poedelpriis gie nei de kat dy't hiel Snits wekker makke doe't er opsluten siet yn de moskee. It bist hie de lûdsynstallaasje oanset en hâlde hiel Snits út 'e sliep mei syn gemiau.