Mear besikers Frysk Natuermuseum

© Omrop Fryslân
It Frysk Natuermuseum yn Ljouwert hat mear as 36.000 besikers hân yn 2002. Dat binne goed sântûzen mear as it jier derfoar. De groei hat fral te krijen mei de spesjale útstallingen dy't it museum foar jonge bern organisearre.
It museum giet 2 maart ticht foar in grutte ferbouwing. De binnentún wurdt oerkape, ûnder de tún komt in kelder en der wurdt in stik oanboud. Begjin 2005 moat it fenijde museum mei in kennis- en ynformaasjesintrum wer iepen wêze.