Sike diskoteekgongers Berltsum

01 jan 2003 - 00:00

Tsientallen besikers fan diskoteek The Dance Factory yn Berltsum binne siik wurden nei in besyk op Twadde Krystdei. It is nei alle gedachten gjin gryp. De GGD hat in ûndersyk ynsteld.

Mooglike feroarsakers binne de spesjale sniemasines dy't Twadde Krystdei oan it wurk wiene. Ek kin it wêze dat der ferkeard iten ferkocht is. It is noch net bekend wannear't de GGD mei de útslach fan it ûndersyk nei bûten komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)