Aldeberkeap lient Grinzer joker

© Omrop Fryslân
De geitefokferiening fan Aldeberkeap presintearre âldjiersnacht grutsk it byld fan 'e joker út de stêd Grins. De joker stiet ornaris as stedsmarkearing oan de A7 tusken Grins en Hoogezand en waard dêr al tige mist. Yn Grinslân binne se minder fertroud mei de tradysje fan it tôgjen as yn Fryslân.
Elslo die it dit jier kalm oan nei alle reboelje oer it byld fan Rinus Michels fan 'e KNVB. Vesuvius helle it stânbyld fan 'e film Fanfare út Giethoorn.