Nij skûtsje foar Súdwesthoeke

© Omrop Fryslân
De St. Skûtsje Súdwesthoeke mei skipper Meindert de Groot hat in nij skûtsje kocht. It is de 'Hoop op Welvaart' dy't earder útkaam foar de IFKS. It skip wie eigendom fan Ulbe Zwaga.
De lêste jierren sylde Wim van Dalen mei it skip yn de A-klasse fan de IFKS. Yn de jierren 80 binne der tal fan kampioenskippen mei binnen helle. Mei de 'Hoop op Welvaart' hoopje de Starumers bettere resultaten yn it einklassemint fan de SKS te heljen.