Woudagemaal wer stilset

© Omrop Fryslân
It Woudagemaal by Teakesyl is wer stilset. It monumintale gemaal wie fan 'e wike yn wurking set fanwege it te hege wetterpeil yn Fryslân. Omdat der de ôfrûne dagen in hiel soad rein fallen is, lei it peil hjir op it stuit sa'n 11 sintimeter boppe it streefpeil.
Wetterskip Fryslân hâldt der rekken mei dat it gemaal ynkoarten wer brûkt wurde moat om't der op 'e nij wetteroerlêst ferwachte wurdt.