Fúzje soarchynstellingen

31 des 2002 - 00:00

Zuidoost Zorg is de namme fan in nije soarchynstelling. De ynstelling is ûntstien troch in fúzje fan Bertilla yn Drachten en Stellinghaven yn Appelskea en Easterwâlde. Mei de fúzje moatte de wachtlisten fan goed seis moannen werombrocht wurde nei fjouwer oant seis wiken.

De soarchynstelling wol mear lytsskalige fersoargingsplakken realisearje. Ek moat ferpleechhûssoarch by de minsken thús komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)