De Loor start mei pynstillers

31 des 2002 - 00:00

Barbara de Loor sil it kommende wykein mei de nedige pynstillers meidwaan oan it EK reedriden yn Thialf. De Loor hat in blessuere oan 'e rêch en miste dêrtroch it Nederlâns Kampioenskip. De blessuere is noch net oer, mar is net sa slim dat se net ride kin.

Ek Mark Tuitert en Annamarie Thomas sille gewoan starte op it EK. Tuitert en Thomas hiene beide lêst fan in ljiskblessuere, mar kinne neffens harren trainer Jac Orie wol starte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)