'Jild streekrjocht nei omroppen'

© Omrop Fryslân
De takomst fan lokale en regionale omroppen rint gefaar troch nije subsydzjeregels. Twadde Keamerlid Joop Atsma makket him der soargen oer. No beslute gemeenten oer de subsydzje. It ryk wol ek dat dat foar de regionale omroppen jildt. De provinsje soe dan beslute oer de besteging fan it jild.
Atsma besiket dy regeling yn it nije kabinet te kearen. De stipe moat fuort by de omroppen komme sûnder tuskenkomst fan de gemeente fynt er.