Fear langer ûnderweis

© Omrop Fryslân
De fearboat tusken Lauwerseach en Skiermûntseach sil der fan 2004 ôf in kertier langer oer dwaan. De reden fan de langere fartiid is in fargeul dy't tichtslibt. Rykswettersteat wol in groeiende sândrompel yn de geul net fuorthelje, sadat rederij Wagenborg in oare fargeul brûke moat.
Ynstee fan trije kertier, soe de oertocht dan in oere duorje. De priis fan in kaartsje giet yn dat gefal ek omheech.